Fryslân DOK: It grutte swijen, bern fan in NSB'er

  Рет қаралды 2,280

Omrop Fryslân

Omrop Fryslân

11 жыл бұрын

It grutte swijen, bern fan in NSB'er
De Twadde Wrâldoarloch hat net allinne grutte yndruk makke op folwoeksenen, mar ek op bern. Yn de dokumintêre It grutte swijen fertelle bern fan NSB'ers harren ûnderfinings. Oer wat de rol fan harren heit en/of mem yn de oarloch wie, mar ek hoe't sy dêr oant hjoed-de-dei noch altyd ûnder lije.
Nei de oarloch waard der oer it NSB-ferline fan de âlden net mear sprutsen. Bern waarden der faak wol mei pleage, mar koene harren ferhaal nearne kwyt. Dat begjint him faak op lettere leeftiid te wreken. Traumatyske ûnderfinings, lykas de oanhâlding fan heit of it bûtensluten wurde by befrijingsfeesten, komme dan nei boppe. It liedt yn in soad gefallen ta burn-out-ferskynsels en oare psychyske problemen. Bern wrakselje mei de loyaliteit oan harren heit en mem.
Yn dizze dokumintêre prate Benny Holtrop en Jaitsche Wassenaar oer it oarlochsferline fan harren heit en hoe't sy dat noch hieltyd besykje te ferwurkjen. Beide skreaunen der in boek oer. Dy iepenheid soarge foar in breuk yn de kontakten mei bruorren en susters. Foaral omdat it famyljegeheim ynienen op strjitte lei.
De Stichting Werkgroep Herkenning jout al sûnt de jierren tachtich help oan bern en ek bernsbern fan NSB'ers. Bestjoerslid Jeanne Diele fertelt yn de dokumintêre hoe't der noch altyd in grut taboe rêst op it ûnderwerp. Sjoernalist en histoarikus Jack Kooistra jout in antwurd op de fraach wêrom't de NSB anno 2013 noch hieltyd grutte wrok opropt yn de maatskippij. Itjinge ek wer trochwurket op de bern fan NSB'ers.
Stichting Werkgroep Herkenning is in frijwilligersorganisaasje dy't yn 1981 ûntstien is om help te jaan oan (berns)bern fan dy minsken dy't yn de jierren 1940-1945 oan de kant fan de besetter stienen, of de besetter wienen (bern fan Dútske militêren). Dy (berns)bern kinne oant hjoed-de-dei swierrichheden ûnderfine yn harren persoanlike en/of maatskiplike libben as gefolch fan dy eftergrûn. Dy swierrichheden hawwe te krijen mei ûnderfinings dy't yn of nei de oarloch opdien binne. Dy hâlde ferbân mei de (al as net politike) kar fan de âlden of pake's en beppe's en mei de loyaliteits- en identiteitsproblematyk dy't dêr it gefolch fan wêze kin. Benny Holtrop hat oer syn oerlochsjierren in boek skreaun: 'In appel foar ûnderweis'. It oarlochsboek fan Jaitsche Wassenaar hjit 'It pak fan myn heit'.
Mear ynformaasje oer de wurkgroep herkenning is te finen op www.werkgroepherkenning.nl.
De wurkgroep is telefoanysk te berikken op de helpline 06- 33057003.

Пікірлер: 2
@dannyboy1989uithuize
@dannyboy1989uithuize 6 жыл бұрын
Jammer dat ik het niet begrijp
@ronaldjager729
@ronaldjager729 5 ай бұрын
Die Friezen moeten het gewoon netjes in het NL ondertitelen. Maar ze zijn zo dwars.
Fryslân DOK: Jopie
27:38
Omrop Fryslân
Рет қаралды 14 М.
Survival skills: A great idea with duct tape #survival #lifehacks #camping
00:27
Khó thế mà cũng làm được || How did the police do that? #shorts
01:00
Wait for the last one! 👀
00:28
Josh Horton
Рет қаралды 142 МЛН
He sees meat everywhere 😄🥩
00:11
AngLova
Рет қаралды 11 МЛН
Te hard op de fatbike?
0:50
Omrop Fryslân
Рет қаралды 75 М.
FRYSLAN DOK: 'Op transport nei it noarden’
29:08
Omrop Fryslân
Рет қаралды 4,7 М.
Verzet in Leeuwarden, 1945
26:16
Fries Film & Audio Archief
Рет қаралды 10 М.
Fryslân DOK: Farmers & Ranchers
28:23
Omrop Fryslân
Рет қаралды 12 М.
Als mama of papa jongdementie heeft
9:10
Expertisecentrum Dementie Vlaanderen
Рет қаралды 24 М.
Een reconstructie van het proces van Neurenberg | ANDERE TIJDEN
14:32
Andere Tijden
Рет қаралды 587 М.
FRYSLÂN DOK: Winterweer op komst / ganzen
28:43
Omrop Fryslân
Рет қаралды 2,9 М.
De Vergelding, de moord op twintig mannen uit Groningen en Friesland
39:10
FRYSLAN DOK: Een prachtige daad - jonge veotballers in de oorlog
28:25
Omrop Fryslân
Рет қаралды 1,1 М.
Fryslân DOK: 100 bern, kâns of katastrofe?
28:11
Omrop Fryslân
Рет қаралды 303
Survival skills: A great idea with duct tape #survival #lifehacks #camping
00:27