Рет қаралды 25,601
In fjoerwurkkanon hat âldjiersdei yn De Trieme foar frijwat skea soarge. By it oanstekken fan it karbid fleagen alle ruten oan de sydkant fan in wenning oan De Dolle der út. Net ien rekke dêrbij ferwûne.
De bewenners fan it hûs ha gjin glêsfersekering. De freoneploech dy't oan it karbidsjitten wie sil de skea mei-inoar betelje, sa is ôfpraat.