Рет қаралды 121,005
Boer Frans Zwaagstra fan de Westereen pakt it libben stadichoan wer wat op nei syn sikehûs-opname twa moanne lyn. Troch in slimme lever-oandwaning hat er net folle by te setten, mar hy buorket troch. Hy soe wol graach wer yn syn eigen klinte wenje wolle, mar dan moat der earst wol bot oprêden wurde. En dêrfoar hat er noch net genôch enerzjy. Wol giet er al wer op'e fyts te boadskipjen it doarp yn. Want der moat al sûn iten op tafel komme.